Finale SjONG op TV

Op sneon 9 july 2011 is de finale fan SjONG 2011 op televyzje te sjen. Dy finale fûn dit jier plak yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. Goed 300 besikers seagen dêr hoe’t de fjouwerkoppige band Swalker harsels nei de oerwinning song. Omrop Fryslân filme de ferjochtingen fan alle SjONG-finalisten. Oankommende sneon is it resultaat dêrfan te sjen, alle oeren fan 18.18 oere ôf. Dus om 18.18 oere, 19.18 oere, 20.18 oere ensf. De aparte klipkes fan alle finalisten komme dizze wike ek op You Tube te stean.  
Hadzerr op finale SjONG 2011

Finale SjONG yn LC en Hjoed

Sawol de Leeuwarder Courant as Hjoed, it nijsprogramma fan Omrop Fryslân, hawwe omtinken jûn oan de finale fan SjONG 2011.

Artikel LC

Utstjoering Hjoed (SjONG item yn de 10e minút)

Swalker grutte winner SjONG 2011

In band mei in grutte takomst, dat sei de sjuery oer de fjouwerkoppige band Swalker. Swalker is de grutte winner fan SjONG 2011. Goed 300 besikers seagen hoe’t Swalker harsels sneon 16 april nei de oerwinning song en spile mei harren sels skreaune nûmer ‘Lit ús muzyk foar jimme meitsje’.

Swalker bestiet út sjonger en gitarist Albert van der Tuin, drummer Carlo Salakory, toetsenist Leon van der Boom en basgitarist Alex Hanewacker. ‘Mei har fjouweren foarmen se in folwoeksen act, in genot om nei te sjen’, sa sei sjongeres en teatermakker Tet Rozendal. Tet foarme de sjuery mei Raynaud Ritsma (sjonger Vangrail en presintator Tsjek TV) en Anne Hoogendoorn (sjongeres/Voice of Holland). Sy keazen unanym foar de learlingen fan it Singelland (Drachtster Lyseum) út Drachten. Behalve de earste priis, wint Swalker as ekstra priis in optreden op it Fryske songfestival Liet, de grutte broer fan SjONG.

Piet Kroes fan Bogerman Snits út Aldegea (W) waard twadde yn De Koornbeurs mei syn Fryske Beatlesnûmer ‘Mei wat help fan in freon’. ‘Want’, sa oardielde de sjuery, ‘hy is net grut, mar kin wol hiel goed sjonge!’ De tredde priis gong nei Jenny Semplonius fan Magister Alvinus út Koudum. Sy song ‘Eigen wei’, har Fryske ferzje fan ‘Find my own way’ fan Lysbeth Munniksma.

De band Hadzerr gong noch nei hûs mei de SjONG You Tube priis. Har klip ‘Ik wol sjonge’ fan SjONG 2010 waard it ôfrûne jier hast 6000 kear besjoen op You Tube. Dat oantal views wie genôch om de SjONG You Tube priis te winnen. SjONG wurdt op 9 july 2011 útstjoerd op Omrop Fryslân.

Besjoch Swalker by SjONG 2011

Filmkes foarrondes 2011 online

De filmkes dy’t by de foarrondes makke binne troch studinten fan de oplieding Telvisie- en Mediaproductie oan de ROC Friese Poort steane online. Besjen kin op it kanaal fan Cedin/Taalsintrum Frysk op You Tube.

SjONG op Froeks

By de foarronde fan tongersdei 24 maart wienen ferslachjouwers fan Froeks.tv oanwêzich. Sy hawwe in item makke oer SjONG. Sjoch hjir foar it filmke.

Kaarten bestelle foar finale SjONG

De kaartferkeap foar de finale fan SjONG is los! De finale fynt plak op sneon 16 april yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer, oanfang 19.30 oere. Kaarten bestelle kin op trije manieren:

  • Alle dielnimmers fan 2011, dus ek dyjingen dy’t de finale net helle hawwe, hawwe rjocht op 2 frijkaarten. As jim dêr gebrûk fan meitsje wolle, dan kinne jim foar tiisdei 12 april in mail stjoere nei sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, e-mailadres en it tal kaarten. Dyjingen komme dan op de gastelist te stean. De kaarten kinne op 16 april fan 18.45 ôf ophelle wurde by De Koornbeurs.
  • Dêrneist biede wy skoallen kaarten oan foar it redusearre taryf fan €5,- de kaart. Dy kaarten binne bedoeld foar learlingen en dosinten. Skoallen kinne se oant moandei 11 april bestelle troch in mail te stjoeren nei sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan de kontaktpersoan, it skoaladres en it tal kaarten. Dy kaarten wurde dan, mei in rekken nei de skoallen ferstjoerd.
  • Fierder kinne der noch losse kaarten besteld wurde, dy kostje € 7,50 it stik. Ek dy kaarten kinne foar tiisdei 12 april besteld wurde fia sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, e-mailadres en it tal kaarten. Dy kaarten kinne op 16 april fan 18.45 ôf ophelle en ôfrekkene wurde by De Koornbeurs. Wy soenen jo freegje wolle om safolle mooglik mei past jild te beteljen.

As de seal net útferkocht is, wurde der foar de foarstelling ek noch kaarten oan de kassa ferkocht. Dochs is it oan te rieden om te bestellen, want yn De Koornbeurs is plak foar 450 minsken en fol is fol! De finale begjint om 19.30 oere (de seal giet in kertierke earder iepen). It is frije sit, dus kom op tiid as jo in moai plakje hawwe wolle.

Teater De Koornbeurs

Frij parkeare kin op it parkearplak oan de Leeuwarderweg, krekt bûten it bolwurk oan de eastkant fan de stêd. Dêrwei rinne jo yn fiif minuten nei de Koornbeurs. Yn de binnenstêd fan Frjentsjer moatte jo betelje foar it parkearen. De Koornbeurs is mei it iepenbier ferfier ek goed te berikken. It adres is: Noord 2, 8801 KP Frjentsjer.

Finalisten SjONG bekend

De sjuery hat sprutsen… Nei de foarrondes fan 23 en 24 maart keazen de sjueryleden Tet Rozendal en Raynaud Ritsma 11 acts út dy’t troch meie nei de finale fan SjONG. Foar wa’t net troch is, hoopje wy dat it dochs in hiele moaie ûnderfining west hat en hooplik oant SjONG 2013! In fideoklip fan alle foarronde-acts is meikoarten te sjen op You Tube. No earst op nei de finale! Dy fynt plak op sneon 16 april yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. It sjuerykoppel Tet Rozendal en Raynaud Ritsma wurdt dan oanfolle mei Anne Hoogendoorn (The Voice of Holland). Der binne ek optredens te sjen fan Bente, de winneres fan SjONG 2010 en Hadzerr, de SjONG You Tube priiswinner. Kaarten (€7,50 it stik) kinne besteld wurde fia sjong.nl@gmail.com. De finalisten dy’t dy jûns op it poadium steane, binne:

  1. Martzen Groenveld (Bogerman Snits), mei ‘Myn takomst’
  2. Amerens Jongsma (RSG Simon Vestdijk Harns) mei ‘It skaad’
  3. Fenne van der Meulen (CSG Comenius Ljouwert) mei ‘Fier fuort’
  4. Hadzerr (Piter Jelles Gymnasium Ljouwert) mei ‘Pûtiel’
  5. Marjet van der Meeren (Bogerman Snits) mei ‘Iensum’
  6. Jenny Semplonius (Magister Alvinus Snits) mei ‘Eigen wei’
  7. Piet Kroes (Bogerman Snits) mei ‘Mei wat help fan in freon’
  8. Florianne Swart (Dockingacollege Ferwert) mei ‘Wat wolsto fan my’
  9. Swalker (Singelland, Drachtster Lyseum) mei ‘Lit ús muzyk foar jimme meitsje’
  10. Wilma Hiemstra (AOC Bûtenpost) mei ‘It lit my net los’
  11. Venna Flapper (Marnecollege Boalsert) mei ‘Mearkewrâld’

Wilma mei it nûmer 'It lit my net los'

Hadzerr wint SjONG You Tube priis 2011

De band Hadzerr is mei harren nûmer ‘Ik wol sjonge’ de grutte winner fan de SjONG You Tube priis 2011. Hadzerr harren klip waard it ôfrûne jier mar leafst 5850 kear besjoen op You Tube. Hadzerr krijt de priis útrikt op de finale fan SjONG dy’t op 16 april hâlden wurde sil yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. As ekstra priis meie se dy jûns noch in kear optrede foar in folle seal.  

De klips fan SjONG komme op You Tube. De bêst besjoene act (peildatum 1 maart) wint in jier letter de SjONG You Tube priis. 

Ek dit jier docht wer bliken dat SjONG in populêr evenemint is. Mar leafst 30 groepen en solisten fan 17 ferskillende skoallen hawwe har ynskreaun. Yn totaal binne dat sa’n 50 dielnimmers. De foarrondes fan SjONG binne op 23 en 24 maart middeis yn de studio fan Omrop Fryslân yn Ljouwert.

Doel fan SjONG is om jongerein oan te setten ta it skriuwen en sjongen yn it Frysk. Fansels ferskine de klips fan SjONG 2011 ek wer op You Tube.

Doch mei oan SjONG 2011!

Kinst dy no ynskriuwe foar de foarrondes fan SjONG! SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. As dielnimmer fan SjONG skriuwst in Fryske tekst op in besteand pop- of rapnûmer. Dat bringst foar it fuotljocht mei live-begelieding of mei in orkestbân. De bêste tsien dielnimmers fan de foarrondes geane troch nei de finale.

Om yn dy foarrondes te kommen, moatst wol wat dwaan. Download ûnderoan dit berjocht it opjefteformulier, folje dat yn en mail it foar 1 maart 2011 nei sjong.nl@gmail.com.  Tagelyk mei it opjefteformulier stjoerst ek dyn Fryske tekst en in audio- of fideo-opname fan dyn nûmer op. Dat lêste kin troch it nûmer te spyljen en op te nimmen mei in kamera of telefoan. Dêrnei kinst it ferstjoere nei sjong.nl@gmail.com fia de webside www.wetransfer.com ûnder fermelding fan de Fryske titel fan it nûmer. De ynstjoerde lieten meie net langer wêze as 4 minuten. Ferline jier wienen der nochal wat opjeftes dêr’t de Fryske tekst of it audiofragmint by miste. Dêrom hantearje wy dit jier de regel: ynstjoerings dy’t op 1 maart net kompleet binne, wurde net akseptearre en dy acts meie dus net meidwaan! Fierder riede wy de acts dy’t gjin live-begelieding hawwe, oan om earst in orkestbân te sykjen en dan pas in Fryske tekst derop te meitsjen! Der is nammentlik net fan elk nûmer in geskikte orkestbân. Orkestbannen wêrby’t mei help fan in kompjûterprogramma de stimme fuorthelle is, binne net tastien, omdat dêrmei de kwaliteit fan de muzyk hiel bot achterút giet. Foar goede orkestbannen ferwize wy dy nei de site http://www.karaoke-version.com/nl/. Dêr binne foar in pear euro karaokeferskes (ek sûnder achtergrûnsang) del te laden. Mochtest der echt net útkomme, nim dan foar 1 maart eefkes kontakt op mei de SjONG-organisaasje fia sjong.nl@gmail.com.

Op basis fan de audio- en fideofragminten dy’t ynstjoerd wurde, siket de sjuery 30 dielnimmers út dy’t troch meie nei de foarronde. De útslach dêrfan sil bekend makke wurde op moandei 14 maart fia de e-mail. De foarrondes sille hâlden wurde op woansdeitemiddei 23 en tongersdeitemiddei 24 maart 2011 yn it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. De finale is op sneontejûn 16 april yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. 

By SjONG binne prizen te winnen foar de trije bêste útfierings. Fierder komt der fan elke (foarronde)dielnimmer in profesjoneel filmke op You Tube. De Fryske tekst weaget trouwens swier mei by it beoardieljen, dus tink der goed om dat dy kloppet! By it skriuwen fan de tekst meist holpen wurde troch in folwoeksene, bygelyks om de stavering nei te sjen of om tekstsuggestjes te jaan.   

Noch fragen? Foar mear ynformaasje kinst terjochte by dyn dosint Frysk of kontakt opnimme mei de organisaasje fan SjONG fia sjong.nl@gmail.com.

opjefteformulier_sjong2011

Wa wurdt de You Tube winner fan SjONG 2011?

De clips fan de dielnimmers fan SjONG 2010 steane op You Tube. De bêst besjoene act wint de SjONG You Tube priis op de finale fan SjONG 2011. Grutte fraach is: wa is it populêrst op You Tube en wint dy priis?  Oant no ta hat de band Hadzerr mei har nûmer ‘Ik wol sjonge’ de measte views. Sy binne mar leafst 4593 kear besjoen. Mar dat wol noch net sizze dat sy winne, want de peilingsdatum is 1 maart 2011. It twadde plakje wurdt op it stuit ynnommen troch Amerens Jongsma mei ‘Goudgiel Maitiidsfjild’ en tredde stiet de band Force mei ‘Wat at de dei komt’.  De clips binne te sjen op: www.youtube.com/taalsintrum.   

De finale fan SjONG 2011 fynt plak op sneontejûn 16 april 2011 yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. De winner fan de SjONG You Tube priis mei dy jûns noch in kear optrede foar in folle seal.