Hoe is it? Mei my bêst, hear! Krekt wer in moai wykein achter de rêch. Wat ha jim dien it ôfrûne wykein? Spitich dat jim gjin antwurd jaan kinne. Eins hawwe wy no dus gjin kommunikaasje. En dat kin fansels net yn in LinKk dy’t as tema ‘Kommunikaasje’ hat. Wolst myn fraach noch wol graach beäntwurdzje? Mail dan nei linkk@cedin.nl en wa wit wat foar leuke kommunikaasje as dat opleverje sil!
Soms moatte je goed kommunisearje kinne as je wat berikke wolle. Bygelyks asto langer game wolst as mei fan dyn heit of mem. Fan no ôf oan kinst útlizze dat kompjûterspultsjes hiel nuttich wêze kinne! Teminsten ast it artikel op side 6 en 7 lêst.
Hasto wolris in sms’ke stjoerd nei de ferkearde persoan? Dat is ek in foarm fan kommunikaasje dy’t mis giet. Soks kin fiergeande gefolgen hawwe. Hokker? Dat lêst yn it koarte ferhaal op side 12 en 13.
Fia in touchscreen kommunisearrest ek. Dat is technyske kommunikaasje. It skerm reagearret op de oanrekking fan dyn finger. Hoe’t dat wurket? Sykje it út op side 16 en 17!
Wy kontakte!
Marrit de Schiffart
Cedin/Taalsintrum Frysk








